Herman fan twa heech, Jante Geartsma - Tweedehands boek

herman_fa_twa_heech
Herman fan twa heech, Jante Geartsma  - Tweedehands boek -  Staat:  Netjes, Eerste pagina met balpen in geschreven en rug iets beschadigd. Miau    miau .... Hark, dat docht de poes.It kessen fan de poes leit yn 'e keuken, in hiele lytse keuken. Der stiet in oanrjocht yn en in koelkast. Dérmei is de ...Lees meer
€ 5,00 stuk


  • Beschrijving
  • Specificaties

Herman fan twa heech, Jante Geartsma  - Tweedehands boek -  Staat:  Netjes, Eerste pagina met balpen in geschreven en rug iets beschadigd.

Miau    miau .... Hark, dat docht de poes.
It kessen fan de poes leit yn 'e keuken, in hiele lytse keuken. Der stiet in oanrjocht yn en in koelkast. Dérmei is de keuken ek fol. De itensierderspannen steane boppe op in planke oan 'e muorre. Der is gjin plak foar in kast. Mar der is noch wol krekt in plakje foar in kessen. Dat kessen leit oer de groun, yn in hoekje fan de keuken. Poes sliept nachts op it kessen. Mar nou is poes wekker.
Miau.... miau....
Poes rint nou de keuken troch. Der binne twa doarren. Ien doar giet nei de keamer ta. It lytse baeske fan poes, Herman, is dér yn dy keamer. Dat wit poes wol. Miau.... miau.... De doar is noch ta. It is noch sa stil yn 'e keamer!
De oare doar giet nei it balkon ta. Dér stiet de kattebak en dér op it balkon boartet Herman wolris as it moai waer is, mar nou is Herman dér noch net. Miau.... miau.... Hwat is it noch stil yn 'e Mis!
Op it balkon sitte al ffigels to sjongen. Samar op de ránne. Poes heart de fagels wol oangean. Poes kin har wol sjen troch it rilt dat yn de doar sit. Poes wol ek op it balkon. Hja tripket troch de keuken en hja sjocht omheech nei de klink fan de doar. En dan troch it rilt. Poes sjocht de skiere loft, de dakken fan de hege stédshuzen, de toppen fan de beammen. Tsyp... tsyp... tsyp... dogge de moskjes.